Iuwenâlde gevelstien fûn yn Makkumer achtertún

Yn in tún yn Makkum is in iuwenâlde gevelstien fûn mei it wapen fan de âlde Fryske Admiraliteit derop. De stien hat nei alle gedachten yn de lette 16e of betide 17e iuw op ien fan de Admiraliteitsgebouwen yn Dokkum sitten. Op de stien stean de wapens fan Grins, in dûbelkoppige earn, en fan Fryslân, noch net mei pompeblêden mar mei in soarte fan hertsjes.
Autentyk?
Direkteur Ihno Dragt fan de Stichting Musea Noardeast-Fryslân is tige wiis mei de fynst. Neffens him giet it hast wol seker om in autentyk eksimplaar. "Het is een hele vroege versie en exact hetzelfde als die op het Admiraliteitsgebouw. Het kan haast niet anders." Hoe't de stien yn Makkum telâne kaam is, wit Dragt net. Neffens de eigeners hat der eartiids in reder yn harren hûs wenne en hat dy de stien fan ien krigen, mar dêr is de museumdirekteur net wis fan.
Meinimme
Dragt hat nei Makkum west om de stien te besjen. "Ik was met een busje gekomen en het liefst had ik hem meteen meegenomen naar het museum in Dokkum", seit er. De stien sit lykwols al sa'n 35 jier ynmitsele yn in muorre yn de achtertún fan de Makkumers. Boppedat wolle sy de stien noch net kwyt. "Ik heb al gezegd, mochten ze ooit plannen hebben om hem weg te doen of te verhuizen, om dan aan Dokkum te denken", sa seit Dragt hoopfol.