Plysje siket tsjûgen fan iepenbrekken kelderboksen Ljouwert

29 aug 2017 - 17:25
Foto: ANP

De plysje fan Ljouwert siket tsjûgen fan it iepenbrekken fan kelderboksen. Tusken moandeitejûn 21.00 oere en tiisdeitemiddei 14.10 oere binne oan de Lieuwenburg yn de Ljouwerter wyk Cammingabuorren acht kelderboksen iepenbrutsen. Dêrby is in soad skea ûntstien. Wa't wat wit of sjoen hat wurdt frege dat te melden by de plysje.

Trefwurden: 
plysje Ljouwert kelderboksen
(Advertinsje)
(Advertinsje)