Medisine app wint priis

28 okt 2011 - 16:42
Foto: Omrop Fryslân

De spesjale medisine-app fan de GGZ Fryslân hat de Zorgbelang Fryslân Duim wûn. De app dy't je ynstalleare op in mobile tillefoan jout oan wannear't je medisinen ynnimme moatte.

De tomme is in initsjatyf fan soarchbelang Fryslân. Op dizze wize wol de organisaasje derfoar soargje dat fernijende ideeën neifolging krije. Neist de app foar de iPhone is dy no ek beskikber foar tillefoans mei in android systeem. Ynkoarten folgje ek apps foar de Blackberry.

(Advertinsje)
(Advertinsje)