FIDEO: Is it in ufo of net?

29 aug 2017 - 16:56

Ut it Ljouwerter Cammingabuorren krigen we kamerabylden fan in ‘ufo’. Fia Facebook krije wy wolris faker filmkes binnen, fan alles en noch wat. Mar no wienen we wol hiel benijd wat krekt op it filmke te sjen is en oft dit faker foarkomt yn Fryslân. Dêrom lizze we it ufo-filmke foar oan meiwurkers Sharona Peetsma en Melvin van der Veen fan de Volkssterrenwacht yn Burgum.

Wat sjogge wy eins op it filmke?

"In planeet en ik tink dat it Venus is. Dy planeet is moarns goed te sjen. Dêrneist sjochst dat de planeet yn in moaie baan sit. As it wol in ufo west hie, dan wie it net sa stadich gongen."

Wat is no eins in ufo?

"Ast it net kenst en it fljocht, dan is it in ufo. Dat stiet foar Unidentified Flying Object."

Hoe faak komme meldingen fan in ufo binnen?

"Sa’n fjouwer of fiif meldingen yn it jier. Al hawwe we ein ôfrûne jier in soad meldingen krigen, dy wie ek fan de planeet Venus. Dy wie doe oerdei al te sjen."

Wat binne dy meldingen eins?

"In planeet, satellyt of in waarballon. Al hawwe we ek wolris hân dat we meardere meldingen krigen fan bewegend ljocht yn de wolken. Datst oer in gebiet fan sa’n 50 kilometer gewoan seachst dat de wolken ljocht joegen. Mar wat bliek it no te wêzen? In restaurant dat dwaande wie mei ljochtreklame."

Hoe komt it dat dy bylden faak sa min binne?

"Faak wurde dizze bylden troch in bewakingskamera of âlde telefoans makke en dy kinne faak wat minder goed mei it tsjuster omgean. Dêrneist kin der altyd wat oan de hân wêze mei de kamera. Al kin it ek in deade pixel wêze of wat dat hiel tichtby lâns de kamera sjit."

(Advertinsje)
(Advertinsje)