Frou út Ljouwert wurdt net goed troch lachgas

29 aug 2017 - 16:12
Lachgas - Foto: ANP

In 25-jierrige frou út Ljouwert is tiisdeitemoarn betiid net goed wurden op de Nijstêd yn har wenplak. Neffens de plysje hie se nei alle gedachten oan it lachgas sitten en wie se bot ûnder ynfloed. De frou is mei de ambulânse nei sikehûs MCL brocht.

(Advertinsje)
(Advertinsje)