SC Hearrenfean hat ynteresse yn Ramon Leeuwin

29 aug 2017 - 15:48
Ramon Leeuwin - Foto: ANP

Ramon Leeuwin moat de nije ferdigener fan SC Hearrenfean wurde. De Feansters sjogge yn de spiler fan FC Utrecht de opfolger fan Joost van Aken, dy't oergiet nei it Ingelske Sheffield Wednesday. Hearrenfean is op it stuit yn petear mei Leeuwin oer in kontrakt, al wol technysk direkteur Gerry Hamstra neat befêstigje oer de ûnderhannelingen.

De 29-jierrige Leeuwin spilet sûnt 2014 by FC Utrecht. Dêrfoar kaam hy ien jier út foar SC Cambuur. Yn tsjinst fan de Ljouwerters wûn hy de Zilveren Schoen as op ien nei bêste spiler fan de earedifyzje. Foardat Leeuwin by Cambuur spile, kaam er ek noch út foar ADO Den Haag, AGOVV Apeldoorn en nochris foar FC Utrecht.

Trefwurden: 
SC Hearrenfean fuotbal
(Advertinsje)
(Advertinsje)