Buert Easterwâlde hat gjin ferlet fan ynfobyienkomst

29 aug 2017 - 15:37
Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

De buert yn Easterwâlde dêr't dit wykein in man om it libben brocht is, hat gjin ferlet fan in ynformaasjebyienkomst. Dat lit de gemeente Eaststellingwerf tiisdei witte. De buertbewenners hoege gjin fierdere útlis oer it dramatyske foarfal, sa ha se oanjûn.

De plysje is noch drok dwaande mei fierder ûndersyk nei de sjitpartij. Yn de nacht fan sneon op snein kaam in 51-jierrige man om it libben. Der binne al fjouwer fertochten oanhâlden, sy wurde dizze dagen heard. Sa wol de plysje dúdlikheid krije oeren harren rol by de dea fan it slachtoffer.

(Advertinsje)
(Advertinsje)