Jonkje (5) rekket ferwûne troch boat yn Aldegea (SWF)

29 aug 2017 - 15:17

By camping De Bearshoeke yn Aldegea (Súdwest-Fryslân) is tiisdeitemiddei in jonkje fan fiif jier ferwûne rekke trochdat in boat oer him hinne fear. It jonkje wie yn it wetter fan de Aldegeaster Brekken oan it boartsjen doe't it ûngelok barde.

It bern rekke ferwûne oan syn skonk en is mei de ambulânse nei it sikehûs fan Grins brocht. Hy soe mei de foet yn de skroef fan de boat telâne kommen wêze.

Trefwurden: 
Aldegea (SWF) ferwûne boat
(Advertinsje)
(Advertinsje)