Museum Martena iepenet akademysk jier yn Frjentsjer

29 aug 2017 - 15:00

It universitêre jier fan Frjentsjer wurdt kommende snein yn Museum Martena iepene. Fjouwer wittenskippers hâlde dan in koarte lêzing. Mei de iepening wol it museum omtinken freegje foar de universiteitsskiednis fan Frjentsjer. De universiteit bestie fan 1585 oant 1843. Ek hjoeddeistige ûntwikkelingen jouwe oanlieding om de iepening te hâlden, want Frjentsjer wol him mear profilearje as histoaryske akademystêd.

De lêzingen wurde hâlden troch professor Renée Römkens oer 'Ontwikkeling van vrouwenemancipatie in Friesland', professor Doret Boomsma oer 'Het genoom van Nederland per provincie', dr. Anna Wilbik oer 'Data science in healthcare' en drs. Krystyna Knegt-Jung oer 'Epigenetica als geloof van de XXI eeuw'.

Land van Latijn

De iepening is ek it begjin fan in lêzingesyklus fan ûndersikers oer de stân fan de hjoeddeiske wittenskip. Kommende simmer organisearret Museum Martena mei Tresoar de tentoanstelling 'Land van Latijn'. Dêrfoar wurdt de histoaryske biblioteek fan de universiteit werombrocht nei Frjentsjer.

(advertinsje)
(advertinsje)