Twa nije partijen foar gemeenteriedsferkiezings yn Ljouwert

Stimbus © Omrop Fryslân, Douwe Boersma
Foar de gemeenteriedsferkiezings yn Ljouwert yn novimber ha har twa nije partijen meld. Dat koe oant en mei 28 augustus. De nije partijen binne Lijst058 en de Nederlandse Klokkenluiderspartij. It Centraal Stemburo hat it fersyk fan Lijst058 om meidwaan te meien yntusken goedkard. Dat fan de Nederlandse Klokkenluiderspartij wurdt noch besjoen.
Yn de gemeenteried fan Ljouwert sitte op it stuit tsien partijen, dy't gewoan meidwaan kinne mei de riedsferkiezings. Dy binne nedich fanwege de weryndieling takom jier. Ljouwerteradiel en tsien doarpen yn Littenseradiel komme dan by Ljouwert.