Undersyk nei deade Poalske matroas duorret noch moannen

29 aug 2017 - 13:56
Binnenfeartskip Viking mei dêrneist de boatsjes fan de helptsjinsten - Foto: CAMJO media

It duorret noch trije of fjouwer moannen foardat de arbeidsynspeksje mear dúdlikheid jaan kin oer it ûngelok op de Iselmar fan it ôfrûne wykein. Sneintemoarn foel in Poalske matroas yn it wetter by De Lemmer, doe't er oan it fervjen wie op it binnenfeartskip Viking. Hy hie op dat momint gjin rêdingsfest oan. It lichem fan de man waard yn de rin fan de middei fûn troch de helptsjinsten.

It ûngelok wie foar de arbeidsynspeksje oanlieding in ûndersyk yn te stellen. Der wurdt besocht út te finen oft de wurkomstannichheden foldienen oan de feilichheidseasken.

(advertinsje)
(advertinsje)