Harnzer gemeentegebouwen krije sinnepanielen

29 aug 2017 - 13:49
Sinnepanielen - Foto: Omrop Fryslân

Ferskate gemeentegebouwen yn Harns krije sinnepanielen op it dak. Dat hat it kolleezje besletten. It giet om gebouwen fan de gemeentewerf oan de Westerseedyk, it Vierkant en op it dak fan de Waddenhal. Mei elkoar binne it 1.700 sinnepanielen. Dêrmei wurdt it stroomferbrûk fan hast alle gemeentlike gebouwen opwekt en kompensearret it ek it ferbrûk fan it stedhûs dat net geskikt is om sinnepanielen op te lizzen.

Wethâlder Boon hopet dat ynwenners ynspirearre reitsje troch it foarbyld fan de gemeente. De ynvestearring kostet fiif ton en de gemeente krijt in subsydzje. As de ried akkoart is, begjint it wurk fan it hjerst.

(advertinsje)
(advertinsje)