Slimme knibbelblessuere Pele van Anholt

Pele van Anholt © Omrop Fryslân, Dirk Jan Haarsma
Pele van Anholt hat in swiere knibbelblessuere oprûn by syn klup Los Angeles Galaxy. Yn de wedstriid tsjin San Jose Earthquakes skuorde hy syn krúsbân ôf. Nei alle gedachten is de âld-fuotballer fan SC Hearrenfean seis oant njoggen moannen út de rûlaasje. Dizze simmer makke de Boalserter de opmerklike oerstap fan Willem II nei de Major League Soccer.