Bloggers entûsjast oer De Fryske Wâlden

29 aug 2017 - 12:51

''Ik heb in De Friese Wouden prachtige wandelingen gemaakt. Wat is het hier mooi en afwisselend. Dat had ik niet verwacht.'' Dat wie ien fan de reaksjes fan in blogger dy't it ôfrûne wykein in besite brocht oan De Fryske Wâlden. Tsien Nederlânske sjoernalisten en bloggers makken dêr in slach troch de moaie natuer fan it gebiet. Sy wienen dêr op útnûging fan de stichting RegioMarketing toerisme. Doel fan de reis wie om oan de besikers sjen te litten hoe moai en oantreklik De Fryske Wâlden binne.

De stichting hat earder al parsereizen organisearre troch it Lauwersmargebiet en by de Waadkust. De reis troch de Fryske Wâlden wie dêrmei ek de lêste fan it jier. Neffens regiomarketeer Elizabeth Pilat wienen de dielnimmers entûsjast. ''Ik had niet verwacht dat de mensen het zo mooi zouden vinden. Het gebied bij De Fryske Wâlden is toch nog een beetje onontdekt'', fertelt se.

(advertinsje)