André van de Nadort tiisdei beëdige yn Weststellingwerf

29 aug 2017 - 12:37
André van de Nadort

André van de Nadort wurdt nije wike tiisdei beëdige en ynstallearre as nije boargemaster fan Weststellingwerf. Dit bart yn in bûtengewoane riedsgearkomste, dêr't ek kommissaris fan de Kening Brok by oanwêzich is. Ynwenners fan Weststellingwerf wurde fan herte útnûge om hjirby oanwêzich te wêzen, lit de gemeente witte.

De riedsgearkomste begjint om healwei njoggenen yn de riedseal fan it gemeentehûs fan Wolvegea.

(advertinsje)
(advertinsje)