Paul van Dijk stapt út SP-fraksje yn Smellingerlân

29 aug 2017 - 12:30
It gemeentehûs fan Smellingerlân yn Drachten - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Paul van Dijk stapt út de fraksje fan de SP yn de gemeente Smellingerlân. Dat hat hy tiisdei bekend makke. Van Dijk kin him net langer fine yn de wurkwize fan de SP. Hy fynt in gebrek oan iepenheid by de fraksje. Wol bliuwt er achter de ynhâldlike prinsipes fan de partij stean. Van Dijk ferlit de SP mei yngong fan 1 septimber en sil yn in selsstannige fraksje fierder ûnder de namme P.A.U.L.

(Advertinsje)
(Advertinsje)