Minder VMBO-oanmeldingen foar Maritieme Academie yn Harns

29 aug 2017 - 12:06

De Maritieme Academie yn Harns hat foar it nije stúdzjejier tsien prosint minder oanmeldingen foar de VMBO-oplieding krigen. En dat krekt op it momint dat de binnenfeart noch mear as oars nij personiel nedich hat. By de akademy skrikke se suver wat fan de ôfname fan oanmeldingen.

Direkteur Arjen Mintjes hat dit noch noait earder meimakke. De ekonomy rint better en it oantal jongeren nimt ôf. Dêrtroch wurdt de konkurrinsjeslach tusken skoallen en sektoaren om nij talint hieltyd fûler útfochten. Dêrby wurdt ek wurke mei grutte budzjetten. En dêr kin de binnenfeart net tsjin op, seit Mintjes. Al begjint der meikoarten wol in nije kampanje.

In oar probleem is dat in soad minsken net in goed byld ha fan de sektor. Op dit stuit is it wol hiel drok mei oanmeldings foar de MBO-opliedingen fan de akademy. Mar as de VMBO-poat it no net goed docht, hat dat letter wer grutte gefolgen foar it tal learlingen dat trochstreame wol nei it MBO.

(Advertinsje)
(Advertinsje)