Tal echte kleanwinkels yn Fryslân sakket stadichoan

29 aug 2017 - 11:47
Foto: ANP

It tal fysike kleanwinkels yn Fryslân is de lêste jierren stadichoan ôfnaam, mar net sa fluch as yn oare Nederlânske provinsjes. Dat docht bliken út sifers fan it CBS, it Sintraal Buro foar de Statistyk. Kleanwinkels yn stêden en doarpen krije it hieltyd dreger, mar it tal kleanwinkels op ynternet nimt de lêste jierren just ta. Dy groei giet hân yn hân mei de online ferkeap fan moade; dy lei it ôfrûne jier hast fyftjin persint heger as it jier dêrfoar. Neffens it CBS binne der dit jier fiif kleanwinkels ferdwûn yn Fryslân. Dêr is itselde tal online winkels foar yn it plak kaam.

Trefwurden: 
kleanwinkel online
(Advertinsje)
(Advertinsje)