Measte jild foar oanlis play- en skatecourt yn Grou binnen

29 aug 2017 - 11:21
Foto: ANP

It plan foar in play- en skatecourt by Grou liket hieltyd reëler te wurden. De stichting, dy't him hurd makket foar de bou fan in skeelerbaan en oare sportfasiliteiten, hat yntusken trijekwart fan it begrutte bedrach binnen. De totale kosten foar it plan binne goed 450.000 euro. It grutste part fan it budzjet komt út it mienskipsfûns fan de gemeente Ljouwert. It fûns stipet it plan mei goed twa ton.

Om de begrutting rûn te krijen, organisearret de stichting yn septimber noch in grutte ferlotting. Folgjend jier, yn oktober 2018, soe it sportkompleks oplevere wurde moatte.

Trefwurden: 
play- en skatecourt Grou
(Advertinsje)
(Advertinsje)