Petysje tsjin 'keunstkwelder' wurdt manmachtich tekene

29 aug 2017 - 11:04
Kwelders op Skylge - Foto: Rykswettersteat

Rom 800 minsken ha yntusken in petysje tekene dy't him keart tsjin it opnij ynrjochtsjen fan in kwelder op Skylge. Dy moat de foarm fan in Mondriaan-skilderij krije, mar de inisjatyfnimmers fan de petysje fine dat net passend.

Se wize der op dat de kwelder benammen foar fûgels hiel belangryk is en dat dêr gjin keunsteksperiminten by hearre. De inisjatyfnimmers hoopje op 1000 hantekeningen om dêrmei de gemeenteried fan Skylge safier te krijen dat der gjin fergunning ôfjûn wurdt.

Trefwurden: 
kwelder Skylge
(Advertinsje)
(Advertinsje)