Fertraging op Ofslútdyk troch botsing

Ferkear op de Ofslútdyk moat tiisdei rekken hâlde mei flinke fertragingen. Troch in ûngelok stiet der in lange file by Koarnwertersân rjochting Noard-Hollân. Troch noch ûnbekende oarsaak binne twa auto's opinoar botst. De plysje en Rykswettersteat hiene de rjochterrydstrook ôfsletten, mar dy is no wer frijjûn. Hoelang't de fertraging noch duorret is noch net bekend. Der binne twa minsken ferwûne rekke by it ûngelok, wêrfan't in 42-jierrige frou út Grinslân nei it sikehûs brocht is.