Friezinne yn Houston fielt har lang net feilich

29 aug 2017 - 07:09

De orkaan Harvey yn Texas soarget foar dea en ferdjer. De earste deadlike slachtoffers binne fallen en sa'n 30.000 minsken moasten har hûs efterlitte, omdat it wetter de kommende dagen noch stige sil. Tûzenen helpferlieners, ûnder oaren fan de Nasjonale Garde, plysje, rêdingswurkers en boargers besykje mei helikopters, boaten en spesjale trucks minsken te rêden.

Ineke Haase-Bijlsma, earder fan Gytsjerk, wennet flakby Houston. Sy sit mei har man midden yn it rampgebiet. "Ik bin net sa gau yn panyk, mar dit is behoarlik heftich. We sitte no noch drûch, mar oft dat sa bliuwt witte we net."

It is net allinne de stoarm, mar it is foaral it wetter dat de minsken pleaget. "De grutte fraach hjir is oft twa reservoirs it hâlde. Yn beide sit 250 miljoen kúb wetter. De diken deromhinne binne min. As dy it net hâlde krije we noch folle mear oerstreamingen", seit Ineke Haase-Bijlsma.

Trefwurden: 
orkaan Harvey Amearika
(Advertinsje)
(Advertinsje)