De Wissel moat plannen yn Beetstersweach oanpasse

28 aug 2017 - 22:55
De yngong fan Talant oan De Wissel - Foto: Gerwin de Vries/De Vries Media

Soarchkompleks De Wissel yn Beetstersweach moat de plannen foar in nije bernebuorkerij en in nij dei-rekreaasjegebou oanpasse. Dat hat de Ried fan Steat bepaald. Neffens omwenners sil de nijbou foar tefolle lûdsoerlêst soargje. De Ried fan Steat giet hjiryn mei.

De gemeente Opsterlân wurdt no oplein in lûdsûndersyk út te fieren en De Wissel moat ekstra lûdsmaatregels opnimme yn har bestimmingsplan.

(Advertinsje)
(Advertinsje)