Boer eksperimintearret mei drainaazje yn feangreidegebiet

Yn Koufurderrige tusken De Hommerts en Wâldsein leit in hoeke lân dat út it hiele lân omtinken krijt. Boer Jan Brouwer buorket dêr op it lân, dêr't drok mei eksperimintearre wurdt mei as doel boaiemdelgong fan it feangreidegebiet tsjin te hâlden. Troch in leech wetterpeil komt it fean drûch te lizzen, wêrnei't it oplost. De boaiemdelgong makket it hieltyd dreger en djoerder om it lân te ûntwetterjen. Dêrby komt ek nochris dat der in soad CO2 frijkomt. Dat is it gas dat mei ferantwurdlik is foar it opwaarmjen fan de ierde. Nederlân moat dêr ferplichte wat oan dwaan.
Provinsjale proef
In oantal Fryske boeren docht mei oan in provinsjale proef om it hiele proses te kearen. Yn it gefal fan Brouwer wurdt der wurke mei saneamde ûnderwetterdrainaazje. Dy fiert net allinnich wetter ôf, mar kin ek mei help fan in pomp op sinnepanielen wetter oppompe om it lân wiet te hâlden. Boaiemlibben, grûnwetterstân en CO2: alles wurdt metten. Ek hoefolle gers der fan it lân komt en dat liket no noch net mear of minder as oare stikken lân.
De proef is eins noch mar krekt úteinset en duorret noch jierren. Njonken de wittenskippers binne ek boeren út oare feangreidegebieten yn Nederlân tige ynteressearre yn dizze mooglike oplossing.