Foarearst gjin wellness-sintrum op It Amelân

Op It Amelân komt foarearst gjin nij wellness-sintrum. De ried op it eilân hat moandeitejûn besletten tsjin de bestimmingsplanwiziging te stimmen. Mei seis stimmen tsjin, fjouwer stimmen foar en ien ûnthâlding waard de wiziging ôfsketten. Al jierren wurdt troch foar- en tsjinstanners diskusjearre oer it nije wellness-sintrum fan Harry Westers, dat op it plak komme moat fan it eardere swimbad yn Nes.
Forse deuk
Tsjinstanners fine it te grutskalich, foarstanners fine it in oanwinst foar it eilân. Wethâlder Peter Pot is teloarsteld oer it beslút. "Het is een goed plan en voldoet aan de voorwaarden die de gemeenteraad heeft gesteld. Het is goed voor Ameland en voor de toeristen, in economisch, sociaal en ecologisch opzicht. Het is heel erg jammer dat het plan is afgeschoten. De bestuurlijke betrouwbaarheid heeft een forse deuk opgelopen." Dat der al jierren oer praat wurdt is neffens de wethâlder "bestuurlijk niet uit te leggen."
Democratie faalt
Harry Westers foel fan de stoel doe't er it hearde. "We hebben tien jaar onderhandeld en aan alle bezwaren zijn we tegemoet gekomen. Dan is het onbegrijpelijk dat het is afgeblazen. De zes tegenstemmers zeggen niet waarom ze tegen zijn, ze komen niet met argumenten. De democratie faalt. Het is een gemiste kans voor Ameland. Het is niet jammer voor Westers, maar voor Ameland. Ik heb wat met de eilanden, ben er opgegroeid en probeer er goede dingen tot stand te brengen." It ferhaal is noch net út foar him. "Dit kan niet waar zijn."