Fideoskiedsrjochter Biesma mei wer nei de Olympyske Spelen

28 aug 2017 - 19:21

It wie in hiele ferrassing foar Gialt Biesma út Berltsum, mar hy mei it kommend jier nei de Olympyske Spelen yn Súd-Koreä. Hy is fideoskiedsrjochter by it shorttrack, en wie der de foarige kear ek al by, yn Sochi. It is frij unyk, seit er, dat in skiedsrjochter twa kear op rige nei de Spelen giet. It fielt foar him as in hiele eare dat er no opnij frege is. "Blykber ha ik it de foarige kear goed dien", fertelt Biesma.

''Ik ha sels ek shorttrack dien op lanlik nivo, en lytse ynternasjonale wedstriden. De sport leit my oan it hert. Hieltyd mear minsken út it shorttrack komme yn it sjuerywurk. Dêrmei hawwe je mear ynsicht yn it riden sels, dat makket it makliker.''

Bylden besjen

''De fideoskiedsrjochter besjocht de bylden ûnder de wedstriid en makket op basis dêrfan beslissingen. De bylden lige net. Fideo is behoarlik belangryk en weaget swier mei by de beslissing fan de haadskiedsrjochter.''

(Advertinsje)
(Advertinsje)