By de Belestingtsjinst kin tenei ek Frysk brûkt wurde

28 aug 2017 - 18:40

Friezen kinne fan no ôf ek by de Belestingtsjinst harren eigen taal brûke. Fryske Algemien nut beëagjende ynstellingen, saneamde ANBY's, meie harren tenei ek yn it Frysk ferantwurdzje by de Belestingtsjinst. Dat meldt minister Plasterk fan Ynlânske Saken yn syn antwurden op Keamerfragen. Dizze fragen giene oer de tuskenevaluaasje fan bestjoersôfspraken oer de Fryske taal en kultuer.

Fragen

De VVD-fraksje stelde de fragen oer it Frysk by ANBY's. Dit binne ynstellingen dy't harren ynsette foar it algemien belang. Under de rjochtlinen fan de Belestingtsjinst wie it foar Fryske ANBY's net mooglik om harren yn it Frysk te ferantwurdzjen, want dan ferlearen sy harren ANBY-status. Plasterk jout oan dat it Frysk, op grûn fan de erkenning fan it Europeesk Hânfêst, in deselde status hat as it Nederlânsk. De minister hat dêrom yn oerlis mei de steatssekretaris fan finânsjes besluten om de rjochtlinen op dit punt oan te passen.

"De provinsje Fryslân en taalorgaan DINGtiid hawwe dit meardere kearen oan de oarder steld by minister Plasterk'', fertelt deputearre Sietske Poepjes. ''Mei de oanpassing fan de rjochtlinen respektearret de minister de Wet gebrûk Fryske taal. Dêr bin ik bliid mei. Friezen moatte yn harren eigen taal mei elkoar kommunisearje kinne, ek by Rykstjinsten. Ik rop de Friezen dan ek op om dat te dwaan. Wy meie grutsk wêze op ús taal en dat meie wy sjen litte.''

Klaas Sietse Spoelstra fan DINGtiid, it advysorgaan foar de Fryske taal, is wiis mei dit beslút. "It mei om my wol wat ambisjeuzer. We ha ôfpraat dat Frysk en Nederlânsk neist elkoar brûkt wurde meie, dat is fêstlein yn de wet. Mar guon gemeenten binne noch wol wat foarsichtich. Friezen ha it rjocht om har eigen taal te brûken en kinne dus ek wol kritysk wêze nei de eigen gemeente. Taal is fan de minsken, en minsken moatte gebrûk meitsje fan dat rjocht."

(advertinsje)
(advertinsje)