UPDATE: Wolvegeaster fan 96 swierferwûne by De Blesse

28 aug 2017 - 18:32
Foto: De Vries Media

De bestjoerder fan de scootmobyl dy't moandeitemiddei oanriden waard troch in auto by De Blesse, is in 96-jierrige Wolvegeaster. De man rekke swierferwûne by de oanriding en leit op it stuit yn it sikehûs op It Hearrenfean. It ûngelok barde doe't de man de Stienwikerwei oerstekke woe yn de rjochting fan de paralleldyk. Hjirby seach de Wolvegeaster de auto fan in 47-jierrige automobiliste oer de holle.

(Advertinsje)
(Advertinsje)