Spyldata Fryske fuotbalklups om KNVB-beker binne fêststeld

28 aug 2017 - 17:01
KNVB - Foto: ANP XTRA

De spyldata fan de Fryske fuotbalklups yn de earste ronde fan de KNVB-beker binne fêststeld. Sportklup Cambuur spilet op tiisdeitejûn 19 septimber om 19.45 oere in útwedstriid by Helmond Sport. SC Hearrenfean sil de dei dêrnei, woansdei 20 septimber, om 19.45 oere op besite yn Rotterdam by Excelsior. Ek ONS Snits spilet op 20 septimber, om 19.45 oere thús tsjin FC Twente.

Trefwurden: 
fuotbal beker KNVB
(Advertinsje)
(Advertinsje)