Arriva riedt him ta op de drokte nei de fakânsje

28 aug 2017 - 16:43
Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Ferfierder Arriva set ekstra minsken en materieel yn om de ferwachte drokte nei de fakânsje op te fangen. Sa wurdt de sneltrein tusken Ljouwert en Grins bygelyks grutter. Fierder wurde der wêr mooglik bussen ynset om de drokte oan te kinnen. Op de stasjons fan Bûtenpost en Frjentsjer wurdt ekstra personiel ynset om reizgers goed oer de treinstellen te ferdielen, sadat it oan de foarkant net smoardrok is en der oan de efterkant fan de trein romte genôch is.

De maatregels binne tydlik, seit Arriva, omdat de drokte nei de hjerstfakânsje meastentiids minder wurdt. Dan reizgje der minder studinten en skoalbern, dy hawwe dan faak in oare oplieding fûn of in keamer yn de stêd dêr't se studearje.

Trefwurden: 
Arriva ferfier trein bus
(Advertinsje)
(Advertinsje)