Feroardielde oerfaller oppakt by Hoogvliet

© ANP
De plysje hat yn de omkriten fan Hoogvliet (by Rotterdam) in ûntsnapte tbs'er pakt, dy't feroardiele wie foar in rige oerfallen yn ûnder oare Burgum en Wolvegea. De man hie it doedestiids foarsjoen op kleanwinkels en drogisterijen.
Hy ûntsnapte tsien dagen lyn út de Pompekliniek yn Nijmegen. De plysje socht aktyf nei him, mei in spesjalisearre team, mar de man waard net sjoen as fjoerwapengefaarlik.