Eaststellingwerver skuldich oan stellerij, mar gjin straf

28 aug 2017 - 15:11
Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

In man út Eaststellingwerf is skuldich ferklearre oan stellerij en ferbean wapenbesit, mar hy krijt gjin straf. De man hat in kunde fan him bestellen fan jild en in tablet en in oare kunde fan in laptop en in hurde skiif. Hy hie in semyautomatysk gaspistoal dêr't er net de goede papieren foar hie. De fertochte is yn maaie al feroardiele ta tbs mei twangferpleging foar stellerij, brânstichting, oplichting en geweld.

Dêr is de man tsjin yn berop gien. Dêrom is der neffens de rjochter no gjin romte om him in straf op te lizzen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)