"Problemen The Block komme troch ferkearde planning"

28 aug 2017 - 15:03

De problemen by apparteminten fan The Block oan de Tesselschadestrjitte yn Ljouwert komme troch in ferkearde planning fan de oannimmer. Dat seit de ferhierder fan it gebou. De ferhierder hat in konflikt mei de goed santich hierders yn it gebou om't der in soad dingen mis wêze soene. Sa soene de liften it net dwaan, is de ôfwurking net goed en binne tal fan saken net oplevere dy't wol ôfpraat binne.

In ûnôfhinklike kontroleur hat it gebou besjoen en kaam ta de konklúzje dat de hierders folle minder hier betelje moatte soene troch dy gebrekken. Moandeitemoarn waard deroer praten troch de lanlike hierderskommisje op in spesjale sitting yn it provinsjehûs yn Ljouwert.

Dêr kamen de hierders foar it earst rjochtstreeks yn kontakt mei ferhierder Tom Bakkers. Nei ôfrin is de ferhierder mei in fertsjintwurdiger fan de hierders om tafel gien. Yn dat petear is hy mei in skikkingsfoarstel kaam. Oft de hierders akkoart gean sille is noch net bekend. By de lanlike hierderskommisje freegje se om in ferleging fan de hierpriis. De hierderskommisje docht oer acht wiken útspraak.

Trefwurden: 
hierders Ljouwert The Block
(Advertinsje)
(Advertinsje)