Dokkumer wettertoer is de kommende dagen ferljochte

28 aug 2017 - 15:01

De wettertoer fan Dokkum stiet fan moandeitejûn ôf yn it ljocht. De toer is sadwaande de kommende dagen oant fier yn de omkriten fan de stêd te sjen. Oanlieding binne de Admiraliteitsdagen. It is de bedoeling dat mei dy feestdagen de kommende jierren ek oare gebouwen yn it ljocht set wurde.

De Admiraliteitsdagen yn Dokkum begjinne nije wike tongersdei en binne fan 7 oant en mei 10 septimber.

(advertinsje)
(advertinsje)