Sikehûs MCL hat Fryske primeur mei brûken hânscan

28 aug 2017 - 14:55
It MCL yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

As earste sikehûs yn Fryslân brûkt de ôfdieling reumatology fan it MCL yn Ljouwert in hânscan. Mei dat apparaat kinne ûntstekkingen yn de hân en de pols fan minsken mei reuma gauwer sichtber makke wurde. Sa kinne de kwalen fan pasjinten gau en sûnder pine besjoen en behannele wurde.

Sikehûs MCL yn Ljouwert hat subsydzje foar it hânscanapparaat krigen fan de stichting De Friesland, omdat der de kommende jierren in protte nije reumapasjinten ferwachte wurde.

(Advertinsje)
(Advertinsje)