Joost van Aken stapt oer nei Sheffield Wednesday

28 aug 2017 - 14:15
Joost van Aken - Foto: AWfoto.nl

Joost van Aken giet fan SC Hearrenfean nei Sheffield Wednesday. Dy klup spilet op it ien nei heechste nivo yn Ingelân. Technysk direkteur Gerry Hamstra fan Hearrenfean befêstiget dat de klups der op grutte linen út binne. "Het gaat nog om enkele details", sa seit er yn in reaksje.

De 23-jierrige Van Aken die ôfrûne sneon al net mear mei yn de wedstriid tsjin ADO Den Haag. Oer de transfersom docht Hearrenfean gjin meidielingen. Ferline seizoen spile Sheffield Wednesday yn de play offs om promoasje nei de Premier League, mar ferlear it yn de finale fan Hull City.

Yn de syktocht nei in ferfanger foar Van Aken waard de namme fan Willem II-ferdigener Jordens Peters neamd, mar dat wurdt ûntkend troch Gerry Hamstra. "Absoluut niet waar!", sa lit de technysk direkteur fan SC Hearrenfean witte.

(Advertinsje)
(Advertinsje)