Goed jier foar skriezen yn Fryske Greidhoeke

28 aug 2017 - 13:56

2017 hat foar greidefûgels yn de Fryske Greidhoeke in goed jier west. Yn de natuergebieten Skrok, Skrins en Leonserpolder wienen benammen in protte skriezen en tsjirken dy't ek in soad aaien hiene. Boppedat waard in grut persintaazje fan dy fûgels ek noch grut. It gebiet fan de Fryske Greidhoeke fan Natuurmonumenten is likernôch 350 bunder. Yn 2017 waarden der 280 pearkes skriezen teld. Op basis fan alaarmtellingen komt nei foaren dat tachtich prosint fan dy pearkes de pykjes grut kriget.

Neffens behearder Sander Veenstra binne de positive sifers net allinnich te tankjen oan it greidebehear. "Ek de kâlde maitiid kin meiholpen ha, want dêrtroch kaam it gerslân let ta bloei en wienen der foldwaande ynsekten foar de pykjes. Yn 2014 wienen der noch in soad mûzen yn it lân, mar yn 2015 en 2016 wienen der minder mûzen, wêrtroch't de pykjes pakt waarden as proai. In mooglike ferklearring foar it goede jier is dat der dit jier in soad mûzen wienen, dus genôch fretten foar de rôfbisten."

(Advertinsje)
(Advertinsje)