Holland Casino Ljouwert langer iepen fanwege brân yn Grins

28 aug 2017 - 13:30

It Holland Casino yn Ljouwert giet moandei earder iepen en letter ticht. Dat hat te krijen mei de brân snein dêr't it kasino yn Grins folslein by fernield waard. Holland Casino ropt syn gasten fia de webside op om no nei Ljouwert te kommen, yn stee fan nei Grins. Dêrfoar wurde ek pendelbuskes ynsetten. Mei it each dêrop is de fêstiging yn Ljouwert moandeitemiddei al om twa oere iepen yn stee fan de gebrûklike seis oere, en iepen oant trije oere nachts.

In pokertoernoai dat tiisdei yn Grins hâlden wurde soe, wurdt ek ferpleatst nei it kasino yn Ljouwert. Der komt ek personiel oer.

Trefwurden: 
Holland Casino Ljouwert brân
(Advertinsje)
(Advertinsje)