Fertochten deadlike sjitpartij Easterwâlde bliuwe fêstsitten

© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
De fjouwer minsken dy't oanhâlden binne yn ferbân mei de gewelddiedige dea fan in 51-jierrige man út Easterwâlde sitte noch hieltyd fêst. De trije manlju en de frou binne troch de plysje yn fersekering steld. Dit betsjut dat de fertochten noch trije oant seis dagen fêstsitten bliuwe. It is noch net dúdlik oft en wannear't se foar de rjochter-kommissaris komme moatte. Dizze wike wurdt der fierder gien mei it ûndersyk nei de dea fan de Easterwâldster. Sa wurdt der moandei seksje op it lichem fan it slachtoffer dien.