Brânwacht jout foarljochting oer brânfeilige studintetiid

28 aug 2017 - 12:50

Brânwacht Fryslân set moandei útein mei de kampanje 'Ben jij voorbereid' spesjaal rjochte op bewenners fan studintehuzen. De kampanje is opset troch studinten Communication & Multimedia Design (CMD) fan de NHL Hegeskoalle en is trijeliddich. Studinten wurde oanmoedige om mear reekmelders op te hingjen yn de studintehuzen; mei húsgenoaten nei te tinken oer flugge en feilige flechtrûtes en binnendoaren te sluten foar it sliepen. Neffens wurdfierder Nick Kits fan de Brânwacht Fryslân tinke in soad studinten dêr te lichtsinnich oer. "Veel mensen denken dat ze in hun slaap wel wakker worden van een brandlucht, maar dat is vaak dus niet zo. Daarnaast is het belangrijk om je vluchtroutes toegankelijk te houden, dus dat je bijvoorbeeld geen fietsen of andere objecten in de gang of de hal neerzet."

Reekkontener

De brânwacht is moandei ek oanwêzich by de Meet & Greet foar studinten op it Ljouwerter Wilhelminaplein. Dêr kinne se ynformaasje krije oer hoe't se harren studintetiid brânfeilich hâlde kinne. Ek kinne se yn in spesjale reekkontener ûnderfine hoe't it is om in útgong te finen as it sicht fermindere is troch reek.

(Advertinsje)
(Advertinsje)