Plysje warskôget foar stellerij sinnewizers

28 aug 2017 - 11:58
De stellen sinnewizer - Foto: Facebook, Politie Zuidoost Fryslân

Dieven hawwe it hieltyd faker foarsjoen op sinnewizers. Se stean faak iepen en bleat by minsken yn de tún en binne rôversguod. De plysje yn Súdeast-Fryslân warskôget minsken op Facebook foar de stellerij. Se hawwe dit wykein in stellen sinnewizer oantroffen by de iisbaan yn Aldhoarne en binne noch op syk nei de eigener derfan.

(advertinsje)
(advertinsje)