Karmerk 'Wâldpyk' foar Feanster notariskantoar Mook

Fryske taal is fanselssprekkend by notariskantoar Mook
Notariskantoar Mook fan It Surhústerfean krijt it offisjele Wâldpykkarmerk. It notariskantoar komt dêrmei yn it rychje fan de Wâldbeantsjes, it Gagelbier en de wichter prommen. Mook wurdt laat troch trije froulju, dy't yn harren kantoar Frysk as earste taal hawwe. Stichting Wrâldfrucht, dy't it streekkarmerk yn behear hat, is wiis mei de sertifisearring fan it notariskantoar. Se wolle mei it karmerk foar de streek de Fryske Wâlden better op 'e kaart sette. Foarhinne barde dat benammen mei streekprodukten, mar de lêste tiid wurdt it karmerk hieltyd breder útdield oan bygelyks ek hoareka, muzyk en eveneminten. De dúdlike bining mei de streek makket notariskantoar Mook by útstek in 'Wâldpyk', sa seit Stichting Wrâldfrucht.