Snitserdyk krijt nij asfalt, ferkearsomlieding fia Winsum

It ferkear op de N354 tusken de Tsienzerbuorren en Dearsum moat de kommende wiken rekken hâlde mei meardere ôfslutingen. De Snitserdyk, sa't de dyk faak neamd wurdt, wurdt feiliger makke en krijt in nije laach asfalt. Om dat te dwaan moat de N354 folslein ôfsluten wurde foar it ferkear. It giet om it part fan de dyk tusken de Blauwe Tent en de rotonde by Dearsum. De ôfslutingen binne yn de nachtlike oeren fan 4 oant en mei 9 septimber, en fan 11 oant en mei 16 septimber. De omlieding rint dan fia Winsum yn de rjochting fan Ljouwert.