Zalina sammelet guod foar Romadoarpen yn Bulgarije

In jonge mem út Snits is sa ûnder de yndruk fan de libbensomstannichheden yn Romadoarpen yn Bulgarije dat se no sels yn aksje komt om guod foar har yn te sammeljen. De 22-jierrige Zalina hat dizze wike mei it goede doel Mission Possible nei Bulgarije west om babyboksen út te dielen yn de doarpen. Se skreau har by pinksterkonferinsje Opwekking yn foar de trip en mocht mei.
De Roma libje yn grutte earmoede op it plattelân fan Bulgarije. Se ha gjin elektrisiteit, gjin húskes en gjin sûnenssoarch. En ek foar de poppen en bern is der kwealik wat. Der binne gjin ruften en kwealik klean. De trip hat grutte yndruk makke op Zalina Willems, ek al om't se sels ek mem is fan twa bern, mei in tredde ûnderweis.