Kollum: 'Op grutte foet'

"Dit wykein wie ik mei myn suske yn in skuonwinkel. Sy moast nije skuon ha foar in brulloft. Dus stiene wy by de skuon yn maatsje 39. Koest te kust en te keur kieze út mar leafst fjouwer rigen oan rekken. "Wolst ek noch efkes om skuon foar dysels sjen?", frege se doe’t se in geskikt pear hakjes fûn hie. Dus wy rûnen nei de seksje mei grutte maten. En elke kear wer wurd ik tryst as ik de rekken sjoch, dêr't iksels út kieze kin. Of rekken, better sein: dat iene suterige rekje.
Ik ha maat 42. Ik leau dat ik dit noch noait sa yn it iepenbier útsprutsen ha. As minsken my der nei freegje, dan mompelje ik altyd dat ik 41 ha. Want 41 dat is noch krekt wat minder slim as 42. Wêrom wit ik net, mar ik ha my altyd skamme foar myn grutte fuotten. Ik wit noch hoe’t ik as famke in hekel hie oan bowlen, allinnich fanwege it feit dat ik as iennige fan dy lilke bowlingskuon mei maatsje 42 ha moast. En it slimste wie noch wol dat de maat mei dikke swarte stift achterop de hakke krast wie. Dus as in billboard koe elkenien sjen dat ik as famke fan 12 maat 42 hie. Ferskriklik.
Myn grutte fuotten ha ik genetysk sjoen fan myn beppe krigen, want dy hie ek maat 42. Sa’n 60 jier lyn wie se dêrmei in buitenbeentje. Gjin frou dy’t yn dy tiid maat 42 hie. En dus hat myn beppe har hiele libben lang op fierstente lytse skuon rûn. Dy earme skat. Ast der oer neitinkst, is dat sa skande. Want wa’t alris in dei op te lytse skuon rûn hat, wit hoe ferskriklik sear dat docht. Der is neat minder as skuon dy’t knipe en teantsjes dy’t yn de ferdrukking komme.
Tsjintwurdich ha froulju wat mear keuze, mar earlik is earlik: it hâldt net oer as it giet om grutte maten. En dat is dochs nuver. Wy binne yn Nederlân it grutste folk op de wrâld. En wy wurde noch altyd grutter, docht út ûndersyk bliken. En by lange minsken hearre no ienris grutte fuotten. Foar mannen is dat prima; gjinien sjocht nuver op as in man fertelt dat er maat 45+ hat. Mar foar froulju bliuwt maatsje 39/40 de standerdmaat. Wylst ek froulju hieltyd langer wurde en dus gruttere fuotten krije. Ik ken ferskate froulju mei maat 42, dy’t mei muoite leuke skuon fine kinne.
Ast no tinkst: dat falt toch wol wat mei, kinst sels maklik de proef op de som nimme. Sjoch yn in willekeurige skuonwinkel ris om dy hinne. Rekken fol mei frouljusskuon yn maatsje 38/39/40. By maat 41 wurdt de keuze al wat lytser en yn maat 42 is der meastentiids net folle mear oer as ien suterich rekje mei skuon. En dan ek noch mei de meast ûnnoazelste eksimplaren is myn eigen ûnderfining. Dy leuke modeltsjes yn maat 39 komst eins noait tsjin yn it rek fan 42. Mei oare wurden: hoe grutter de skuon, hoe lytser de keuze.
En dus moast as frou mei maat 42 op syk nei in oare wize om leuke skuon te keapjen. De bêste oplossing dy’t ik oant no ta fûn ha, is troch te bestellen op ynternet. Dêr kinst noch wol aardich wat skuon yn grutte maten fine. Mar der binne mear froulju mei grutte fuotten dy’t dat ûntdekt ha, want as ik klik op ‘Kies je maat’ en ik fink maatsje 42 oan, dan hipt der altyd in melding omheech: ‘Helaas, deze maat is niet meer op voorraad. Klik hier als je een mail wilt ontvangen wanneer jouw maat weer beschikbaar is.’
Kortom: der sit hannel yn grutte maten. Nettsjinsteande dit gat yn ‘e merk is der lykwols gjin skuonneprodusint dy't him weaget oan grutte maten. Dus is it tiid om sels yn aksje te kommen. Nei sechtich jier wachtsjen is it heech tiid foar de befrijing. Wy moatte as froulju op ‘e nij fan ús hearre litte. De comeback fan de Dolle Mina's. Of better noch: de Dolle Scapina's, dy't stride foar 'Baas in eigen Laars'. Want leau my, froulju mei maatsje 42: de wrâld leit oan ús fuotten."