Bern op ûntdekkingstocht yn de Bjusterbaarlike Simmerwike

Ferskate Fryske musea hawwe yn dizze lêste fakânsjewike de Bjusterbaarlike Simmerwike. Oant en mei 1 septimber kinne bern allegear aktiviteiten dwaan om de tema's Natoer, Wittenskip en Technyk hinne. Yn it Fries Natuurmuseum kinne bern in lantearne meitsje. Mei dy lantearne dogge se dêrnei op Darwins Souder in fotospeurtocht dêr't se op ferskate tsjustere plakken sykje moatte nei letters dy't in wurd foarmje. Fierder leare bern ek in fergrutglês te meitsjen. Dêrmei kinne se ynsekten better besjen en ûndersyksfragen beäntwurdzje dêr't se in loep by nedich hawwe.
Dielnimmende musea
Oare musea dy't meidogge binne it Fries Scheepvaart Museum yn Snits, Museum 't Fiskershúske/Admiraliteitshús yn Moddergat, it Jopie Huisman Museum yn Warkum, Koninklijk Eise Eisinga Planetarium yn Frjentsjer, Museum Joure op 'e Jouwer, Ir. D.F. Woudagemaal op 'e Lemmer en Mar en Klif yn Aldemardum. Op de spesjale Facebookside www.facebook.com/simmerwike stiet alle ynformaasje oer de aktiviteiten fan de simmerwike.