Bestjoerder ferwûne troch botsing mei lantearnepeal

© AS Media
Yn Ljouwert is sneintejûn de bestjoerder fan in auto ferwûne rekke doe't dy tsjin in lantearnepeal botste ter hichte fan de tunnel yn de Egelantierstrjitte. It slachtoffer is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. In berger hat de auto meinaam. It is net dúdlik hoe't de bestjoerder der krekt oan ta is, en ek net hoe't it ûngelok ûntstean koe.