Poalske matroas (56) ferstjert op Iselmar

De matroas dy't op de Iselmar by De Lemmer fan in binnenfeartskip oerboard slein is, is ferstoarn. Nei in grutte sykaksje ha de helptsjinsten sneintemiddei syn lichem út it wetter helle. It giet om in Poalske matroas fan 56 jier fan it binnenfeartskip Viking. Hy is yn it wetter rekke by boei NM10.
Om 08.30 oere hinne waard der alarm slein. Mei ferskate boaten en in helikopter is der docht nei de matroas. It skipfeartferkear ter hichte fan it plak dêr't it slachtoffer oerboard sloech, waard omlaat.
Nei oeren sykjen waard al net mear ferwachte dat de Poal noch libje soe. In sonarboat fan de plysje naam de syktocht oer. Der wiene ek meiwurkers fan it drech-team SOAD (Stichting Opsporings Apparatuur Drenkelingen) oanwêzich.
It lichem fan de man wurdt ûndersocht. It is fûn yn de Iselmar, ter hichte fan De Lemmer. It is noch net dúdlik hoe't de man yn it wetter bedarje koe. Dêr docht de plysje ûndersyk nei.