"Buert sjitpartij is sletten mienskip mei drugsproblematyk"

27 aug 2017 - 14:03

De buert yn Easterwâlde dêr't sneontenacht in deadlike sjitpartij wie, is in hiel sletten mienskip mei drugsproblematyk. Dat sei boargemaster Harry Oosterman fan Eaststellingwerf snein. "Der is in bepaald sirkwy hjir yn Easterwâlde dêr't dreech grip op te krijen is. It is hiel lestich foar de plysje om dêr goed sicht op te hâlden."

De saak Eker

By de sjitpartij kaam in 51-jierrige man út Easterwâlde om yn syn wenning oan de Stegingawei. It is net de earste kear dat soks bart yn dizze buert. Yn 2013 waard de 51-jierrige Henk Eker deasketten yn de tún foar syn hûs oan de Hooge Esch, twa strjitten fierderop. Dêrby wie drugs yn it spul en dat liket no wer it gefal te wêzen neffens de boargemaster. "It bliuwt soarchlik dat dit sirkwy sa operearret en dat dit soart dingen hjirby gebeure", sa seit Oosterman.

Foarkomme

De boargemaster wol lykwols noch graach mear ynformaasje ha oer wat der krekt spile hat en wat de achtergrûnen binne fan de sjitpartij oan de Stegingawei. Ek om te sjen hoe't se soks yn de takomst foarkomme kinne. Oosterman: "We kinne net elke kear ha dat der yn dizze buert dizze dingen sa misgean."

Trefwurden: 
sjitpartij Easterwâlde deade
(Advertinsje)
(Advertinsje)