Buertbewenners net fernuvere oer sjitpartij Easterwâlde

27 aug 2017 - 12:06

Buertbewenners fan de Stegingawei yn Easterwâlde binne skrokken, mar tagelyk net fernuvere oer de sjitpartij yn in hûs yn har buert. It siet der oan te kommen, der is in protte ûnrêst yn dat hûs, sizze se. By de sjitpartij kaam sneontenacht in 51-jierrige man út Easterwâlde om it libben.

De plysje hat fjouwer minsken oanhâlden, trije manlju en in frou. Hoe't de man krekt om it libben kaam is, en wat de tadracht is fan de sjitpartij, is noch net dúdlik. Boargemaster Oosterman fan Eaststellingwerf seit dat er der alles oan dwaan sil om de rêst yn de wyk werom te bringen.

Trefwurden: 
sjitpartij Easterwâlde deade
(Advertinsje)
(Advertinsje)